Banner
Banner
Banner

Fryske Twitter Button is in inisjatyf fan Skelp Webdesign
yn gearwurking mei de Ried fan de Fryske Beweging

 

De ried fan de Fryske Beweging

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr’t in tal organisaasjes by oansletten binne.

 

De Ried is mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út. De Ried is aktyf op it ynternet. Sa is de Ried te finen op Facebook, Hyves en Twitter. Ek hat de Ried ferskate siden om minsken yn de kunde komme te litten mei it Frysk, lykas www.itnijs.nl, www.goedfrysk.nl, www.fryskprinteboek.nl, www.fryskebeweging.nl

Binne jo ek wiis mei de Fryske taal en fine jo dat der aksje ûndernommen wurde moat om de taal te behâlden, jou jo dan fergees op as Freon fan de Fryske Beweging. Dat kostet jo neat. Jo krije ien kear yn de twa wiken in digitale nijsbrief. Mei dizze brief hâlde wy jo op de hichte fan alles wat bart mei de Fryske Beweging en de Fryske taal. Jou jo hjir op (is in keppeling).

 

Jo kinne ek ‘stiper wurde’ fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dan krije jo fjouwer kear yn ‘t jier ús blêd ‘Swingel’ en de twawyklikse digitale nijsbrief. Ek kinne jo dan meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk. Jou jo hjir op.

Stiper fan de Ried fan de Fryske Beweging binne jo foar € 20,- it jier.

Foar fragen en opmerkings kinne jo maile nei Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft JavaScript nodig om het te kunnen zien. . Wy besykje jo mail sa fluch as mooglik te beantwurdzjen.

 

Skelp Webdesign

Skelp Webdesign is in grafysk ûntwerpbureau yn it hert fan Fryslân. Skelp ûntwikkelt logo's, folsleine hússtielen, websites en oare kreatieve grafyske produkten. Untwerpster Liesbeth Hiddema hat sawol de buttons ûntworpen as de website ûntwikkele.